Waarpraatsje: Tiisdei efkes wat minder waarm
Resint ferskynd

Foto © Jan Brinksma
DE JOUWER – It wie moandei alwer in waarme simmerdei, al kuolle it yn ‘e rin fan ‘e middei wol wat ôf. Tiisdei wurdt it wat minder waarm.
Yn ‘e nacht fan moandei op tiisdei rekket de loft berûn en by in swakke oant matige noardeastewyn wurdt it 10 graden.
Tiisdei is der earst hege bewolking, mar geandewei komt de sinne der hieltyd better by. De swakke oant matige wyn komt út it noardeasten, mar yn ‘e jûn giet de wyn nei it easten. It wurdt in graad as 21.
Woansdei en tongersdei is it waarm oant tige waarm waar.
Jan Brinksma
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje