Waarpraatsje: Tige noflik

juny 8, 2021 17:39

Foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – De tiisdei wie de loft earst wat berûn en wie it wat dizenich, mar al gau kaam de sinne derby en it waard in moaie simmerdei. It simmerwaar bliuwt noch in hiel skoft.

Yn ‘e nacht fan tiisdei op woansdei is it helder en by in swakke wyn út ferskate rjochtingen wurdt it 11 graden.

Woansdei skynt de sinne wer hast de hiele dei, al kinne der yn ‘e rin fan ‘e dei wol wat hingelwolken ûntstean. Der stiet in swakke wyn út it westen en de temperatuer leit tusken de 20 en 24 graden.

Fan tongersdei ôf is der wat mear bewolking, mar it bliuwt kreas, waarm en drûch.

Jan Brinksma

juny 8, 2021 17:39
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.