Waarpraatsje: Oanhâldend simmersk

juny 7, 2021 19:10

Foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – It wie moandei in hiel noflike simmerdei en it kreaze waar bliuwt de hiele wike.

Yn ‘e nacht fan moandei op tiisdei is der yn Fryslân kâns op bewolking en damp. By in swakke wyn út ferskate rjochtingen wurdt it 8 graden.

Tiisdei sille bewolking en damp geandewei de moarn ferdwine en dernei skynt de sinne hast de hiele dei. Der kinne wol wat hingelwolken komme, mar it bliuwt moai waar. De wyn komt út it noardeasten en is swak. De temperatuer leit tusken de 20 en 23 graden.

De oare dagen fan dizze wike bliuwt it oan ’e waarme kant.

Jan Brinksma

juny 7, 2021 19:10
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.