Waarpraatsje: Oan ’e frisse kant

juny 29, 2021 19:10

Foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – It wie tiisdei in stik minder waarm as de lêste dagen mar it bleau op de measte plakken wol, sa goed as, drûch. Op de Waadeilannen hat it yn ‘e rin fan ‘e dei wol reind en op guon plakken wie it in wiete boel. Wy krije no in pear koele dagen.

Yn ‘e nacht fan tiisdei op woansdei is de loft berûn. Der kin in bui falle of it reint sa út en troch wat. De wyn komt út it noarden en is matich, by de kust lâns en boppe de Iselmar frij krêftich. It wurdt 12 graden.

Woansdei is it skier en it bliuwt net drûch. By in matige noardwestewyn wurdt it mar 16 graden.

Tongersdei feroaret der hast neat oan it wat suterige waar.

Jan Brinksma

juny 29, 2021 19:10
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.