Waarpraatsje: Moaie wike
Resint ferskynd

Foto © Jan Brinksma
DE JOUWER – Nei in wiete sneon mei op guon plakken wetteroerlêst (40 oant 70 milimeter reinwetter) wie it snein earst skier, mar letter kaam de sinne der goed by. It waar sjocht der ek foar de hiele nije wike kreas út.
Yn ‘e nacht fan snein op moandei is it helder. De wyn komt út it noarden oant noardwesten en is swak, by de kust lâns en boppe de Iselmar matich. It wurdt 8 graden.
Moandei skynt de sinne geregeld en by in swakke, by de kust lâns matige noardewyn, leit de temperatuer tusken de 17 en 22 graden.
Tiisdei en woansdei feroaret der net folle oan it stabile simmerwaar.
Jan Brinksma
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje