Waarpraatsje: Kreas wykein

juny 11, 2021 17:30 Fernijd

Foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – Der wie freed mear bewolking as de lêste dagen, mar it waard wol in noflike simmerdei. Sneon docht de simmer in stapke werom, mar fan snein ôf wurdt it wer waarm.

Yn ‘e nacht fan freed op sneon rekket de loft berûn, mar it bliuwt, nei alle gedachten, drûch. By in swakke oant matige westewyn wurdt it 14 graden.

Sneon is it earst skier, mar geandewei komt de sinne der hieltyd better by. De wyn giet nei it noardwesten en wurdt matich, by de kust lâns en boppe de Iselmar frij krêftich. De temperatuer leit tusken de 17 en 21 graden.

Snein skynt de sinne wer hast de hiele dei en by in swakke noardwestewyn wurdt it 18 oant 22 graden.

Takomme wike krije wy in pear waarme simmerdagen. Letter nimt de kâns op in (tonger)bui wol ta.

Jan Brinksma

juny 11, 2021 17:30 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.