Waarpraatsje: Kâns op (tonger)buien
Resint ferskynd

Foto © Jan Brinksma
DE JOUWER – It wie in waarm simmersk wykein, mar der stie snein wol in flinke pûster wyn. Moandei is it ek waarm en der falle rûnom buien.
Yn ‘e nacht fan snein op moandei is de loft berûn en op guon plakken kin in bui falle. De wyn komt út rjochtingen tusken it easten en noardeasten en is swak, by de kust lâns en boppe de Iselmar matich en yn it Waadgebiet frij krêftich. It wurdt 13 graden.
Moandei falle der rûnom in pear (tonger)buien, mar de sinne is ek geregeld te sjen. De swakke oant matige wyn komt út ferskate rjochtingen. De temperatuer leit tusken 22 en 27 graden.
Tiisdei falle der ek noch buien, mar it wurdt dan wol minder waarm.
Jan Brinksma
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje