Waarpraatsje: It bliuwt ûnstabyl
Resint ferskynd

Foto © Jan Brinksma
DE JOUWER – It wie moandei in brodzige dei, mar mei de buien foel it yn Fryslân wol ta. It waar bliuwt foarearst ûnstabyl.
Moandeitejûn kin der noch in (tonger)bui falle en yn ‘e nacht wikselje bewolking en wat opklearringen inoar ôf. De wyn giet op de measte plakken nei it noardwesten en wurdt matich oant frij krêftich. Mei 16 graden is it in mylde nacht.
Tiisdei is it skier en yn ‘e rin fan ‘e dei kin der wer in (tonger)bui falle. De wyn komt út rjochtingen tusken it noarden en noardwesten en is matich, by de kust lâns en boppe de Iselmar frij krêftich. De temperatuer leit tusken 17 en 22 graden.
De oare dagen fan dizze wike bliuwt it wat ûnstabyl en de temperatuer leit om de 20 graden hinne.
Jan Brinksma
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje