Waarpraatsje: In pear dagen minder fêst

juny 2, 2021 18:23

Foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – Wy ha der lang op wachtsje moatten, mar it is no simmer en dat bliuwt it foarearst ek. It wurdt wol in pear dagen wat minder fêst.

Yn ‘e nacht fan woansdei op tongersdei rekket de loft (foar in part) berûn. De swakke wyn giet stadichoan nei it suden oant súdeasten. Mei in graad as 14 is it wol myld.

Tongersdei begjint mei bewolking en in (lytse) kâns op in bui. Letter komt de sinne der ek by, mar der binne dan wol hingelwolken. De swakke oant matige wyn komt út it suden. Letter op ‘e dei rommet de wyn nei it westen. It wurdt tusken de 20 en 24 graden.

Freed en sneon bliuwt it, nei alle gedachten, net hielendal drûch, mar it is mei in graad as 20 noch hieltyd oan de waarme kant.

Jan Brinksma

juny 2, 2021 18:23
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.