Waarpraatsje: Freed minder sinne.

juny 3, 2021 18:48

Foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – It wie in waarme en suver hast wat neare simmerdei en it bleau yn Fryslân drûch. Freed is der wat minder sinne as de lêste dagen.

Yn ‘e nacht fan tongersdei op freed is it helder en op guon plakken kin damp ûnstean. By in swakke wyn út ferskate rjochtingen wurdt it 14 graden.

Freed wikselje bewolking en sinne inoar ôf. De kâns op delslach is yn Fryslân net sa grut. De swakke wyn komt earst út ferskate rjochtingen, mar letter giet de wyn nei it noarden en wurdt swak oant matich. De temperatuer leit tusken de 18 en 24 graden.

Sneon sil, nei alle gedachten, in wiete dei wurde, mar snein knapt it waar alwer op. De temperatuer bliuwt noflik.

Jan Brinksma

juny 3, 2021 18:48
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.