Waarpraatsje: Freed mear bewolking

juny 10, 2021 17:08

Foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – Nei alwer in dei mei in soad sinne sil der freed wat mear bewolking wêze. It bliuwt wol noflik simmerwaar.

Yn ‘e nacht fan tongersdei op freed is it, nei alle gedachten, helder. De wyn is swak en komt út ûnderskate rjochtingen, mar by de kust lâns en boppe de Iselmar stiet in matige súdwestewyn. It wurdt 12 graden.

Freed Is der kâns op bewolking, mar letter op ‘e dei lit de sinne him ek wol wer sjen. Der binne dan wol hingelwolken. By in swakke oant matige westewyn leit de temperatuer tusken de 20 en 24 graden.

Yn it wykein krije wy in lytse tebekslach. Foaral op sneon hat de sinne it dreech en it is dan ek wat minder waarm. Fan snein ôf komt de simmer werom.

Jan Brinksma

juny 10, 2021 17:08
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.