Waarpraatsje: Ferfeelsum waar

juny 30, 2021 18:33

Foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – Wy hawwe al in pear dagen te krijen mei suterich en ferfeelsum waar en dat bliuwt ek noch efkes sa.

Yn ‘e nacht fan woansdei op tongersdei is de loft berûn en op guon plakken soe it noch wat (sto)reine kinne. De noardwestewyn is matich, by de kust lâns en boppe de Iselmar frij krêftich. It wurdt 12 graden.

Tongersdei is it skier en in bytsje (sto)rein is net hielendal útsletten. Miskien sjogge wy yn ‘e rin fan ‘e dei noch efkes in glimp fan de sinne. By in matige westewyn wurdt it 17 graden.

Freed hat de sinne it ek noch dreech.

Jan Brinksma

juny 30, 2021 18:33
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.