Utnûging live-útstjoering ‘Wurden fan Gysbert troch Hiske’

juny 10, 2021 08:10

Op tongersdei 17 juny is fan 16.00 oere ôf de presintaasje fan de nije dûbeld-cd Wurden fan komponiste/sjongeres Hiske Oosterwijk. Elkenien wurdt útnûge om fia de live-útstjoering troch Omrop Fryslân TV tsjûge te wêzen fan dat bysûndere barren.

Hiske Oosterwijk (foto: Tom Scheper)

Hiske Oosterwijk sette foar Wurden wurk fan de 17e-iuwske dichter Gysbert Japicx op nije muzyk. Yn de Broeretsjerke yn Boalsert sjongt Hiske Oosterwijk op 17 juny mei ûnderskate musisy live in tal lieten. De nije fideoklip presintearje se dan ek. Dy deis wurdt ek ynformaasje jûn oer in bysûndere konsertrige letter dit jier. In barren dêr’t de Gysbert Japicx Holckema Stichting ûnder mear foar gearwurket mei Tresoar, Leeuwarden UNESCO City of Literature, Kultuerhistoarysk sintrum De Tiid en ZenneZ Records.

Opdracht nije komposysjes
De Gysbert Japicx Holckema Stichting joech Oosterwijk, mei help fan in bydrage fan it lanlike kultuerfûns Fonds Podiumkunsten, yn 2020 de opdracht om nije komposysjes te meitsjen op it wurk fan skriuwer en dichter Gysbert Japicx (1603-1666). Earder al makke Oosterwijk op Japicx’ ynspirearre wurk foar har ôfstudearopdracht oan it Prins Claus Konservatoarium yn Grins. De dûbeld-cd ‘Wurden’, dêr’t de komposysjes op steane, wurdt útbrocht troch ZenneZ Records en leit fan 18 juny ôf yn ’e winkels. De cd is fan dan ôf ek te finen op streamingplatfoarms as Spotify.

Yn ferbân mei de koroanamaatregels en de live-opname fan de release, kin der gjin publyk by wêze. Belangstellenden kinne op 17 juny gewoan om 16.00 oere ôfstimme op Omrop Fryslân TV.

juny 10, 2021 08:10
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.