“Universiteit Stellenbosch yntimidearret Afrikaansk pratende studinten”

juny 24, 2021 23:26

Studinten oan de universiteit fan Stellenbosch yn Súd-Afrika sizze dat se yntimidearre wurde as se Afrikaansk prate. Dy nau oan it Hollânsk besibbe taal wie altyd de wichtichste fiertaal oan de universiteit, mar yn 2016 is it Ingelsk de earste fiertaal wurden. Hoewol’t de universiteit ferplichte is om oersettings yn it Afrikaansk oan te bieden, wurdt dat faak net dien, wylst net alle studinten it Ingelsk goed machtich binne.

De studinten sizze dat hja yn studintehuzen en op it terrein yntimidearre wurde as se ûnderling Afrikaansk prate of in Afrikaansktalich telefoanpetear fiere.

Fan har wjerfarren hawwe ferskate studinten in fideo makke en dy op YouTube set. Hja fertelle hoe’t wichtich oft it Afrikaansk foar harren is en hoe’t se eftersteld wurde. In swarte studint fertelt dat er syn dosint frege om in skriftlike Afrikaanske gearfetting fan dy syn Ingelsktalige kolleezje, om’t er net goed Ingelsk ferstie. Hy hie rjocht op sa’n gearfetting, mar de dosint sei allinne mar dat de universiteit “ynklusyf” wêze woe en dat swarte studinten gjin Afrikaansk ferstiene. De jonge krige syn gearfettings net, hy protestearre by it fakulteitsbestjoer en dat woe him twinge om in ferklearring te ûnderskriuwen dat er net yn it iepenbier oer de saak prate soe. In famke dat de saak oankaarte, krige te hearren dat it oanstean op ‘e taalkwestje de ferhâlding mei de lieding fersteure soe.

De fideo is hjir te besjen:

juny 24, 2021 23:26
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.