Universiteit Grins wol learstoel Frysk opheffe

juny 10, 2021 12:47
De RUG yn Grins (foto: Wikimedia Commons/Fruggo – lisinsje CC BY 1.0)

In folsleine stúdzje Frysk is der oan de Ryksuniversiteit Grins al net mear. Wol is der noch in heechlearaar, dy’t ûndersyk docht nei it Frysk en yn it ramt fan de stúdzje Minderheden en meartaligens fakken oer it Frysk jout. De Ljouwerter Krante skriuwt dat de universiteit dy heechlearaarspost skrasse wol.

Goffe Jensma is de sittende heechlearaar. Hy is de lêste heechlearaar Frysk yn Nederlân en giet ynkoarten mei pensjoen. Neffens de Ljouwerter hat de Ryksuniversiteit Grins de provinsje Fryslân in brief skreaun dêr’t yn stiet dat der gjin opfolger komt.

De Universiteit fan Amsterdam hie earder ek in heechlearaar en in stúdzje Frysk. Doe’t dy yn 2000 opheft waarden, hawwe de universiteiten oan de polityk ûnthjitten dat der yn Amsterdam in stúdzje Gryksk en yn Grins in stúdzje Frysk bestean bliuwe soene, as lêsten yn Nederlân. Dat ûnthjit wurdt dus net neikommen.

Deputearre Sietske Poepjes is neffens de Ljouwerter Krante net wiis mei it plan fan de universiteit. Hja wiist derop dat de provinsje Fryslân in soad jild yn de universiteit stekt en dat de universiteit syn ôfspraken mei de provinsje net neikomt.

juny 10, 2021 12:47
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.