Universiteit Grins: learstoel Frysk bliuwt bestean

juny 11, 2021 12:57

De learstoel Frysk oan de Ryksuniversiteit Grins bliuwt gewoan bestean. Dat skriuwt de Ljouwerter Krante op basis fan ynformaasje dy’t de krante fan de universiteit krigen hat. Juster melde de Ljouwerter dat de universiteit oan de provinsje Fryslân skreaun hie dat de learstoel faai wie.

Takom jier wurdt Goffe Jensma, de sittende perfester Frysk, mjirkes. Oft syn opfolger ek in eftergrûn yn de stúdzje fan it Frysk hat, kin de universiteit net mei wissichheid sizze. “Het ligt zeer voor de hand”, seit in wurdfierster, mar hja wol it net garandearje.

Ferskate banen dy’t yn it ferline altyd ornearre wiene foar minsken dy’t wiidweidich stúdzje makke hawwe fan de Fryske taal of kultuer binne de lêste tiid nei minsken mei oare eftergrûnen ta gien: dat jildt foar de lektor meartaligens by hegeskoalle NHL Stenden yn Ljouwert en foar de direkteur fan de Fryske Akademy.

juny 11, 2021 12:57
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.