Unike kâns foar natuerlike enerzjypolder by Langwar

juny 17, 2021 08:43 Fernijd

Benoarden Langwar leit in polder fan likernôch santich hektare op in eilân. Yn it doarp is in inisjatyf ûntstien om fan dat eilân in foar Nederlân unike ‘enerzjypolder’ te meitsjen. It gerslân makket dêrby plak foar natuerynklusive lânbou en sinnepanielen. Dy omskeakeling leveret minder CO2-útstjit en wierskynlik de weromkomst fan greidefûgels yn it gebiet op. It kolleezje fan gemeente De Fryske Marren is entûsjast oer it inisjatyf en sjocht it as in nijsgjirrich eksperimint om yn ’e praktyk nei te gean oft ferskate doelen yn ien gebiet kombinearre wurde kinne.

Hoitepolder (foto: Gemeente De Fryske Marren)

Mearngers makket plak
De polder wurdt no sawat hielendal as gerslân ferpachte. As gefolch fan it hjoeddeiske lânskipsbehear binne der net folle greidefûgels en is it bioferskaat beheind. Troch yn te setten op natuerynklusive lânbou mei ferheging fan it wetterpeil hâldt net allinnich de boaiemdelgong en feanôfbraak op, mar kriget de greidefûgel ek romte en wurde kânsen op bioferskaat ferhege.

De enerzjypolder leit yn in lânskiplik kwetsber gebiet. In part fan de polder wurdt frijmakke foar lytse sinnefjilden. Wethâlder Roel de Jong: “It plan freget om soarchfâldige ynpassing yn it iepen lânskip. Hokker effekt bygelyks de sinnefjilden op de greidefûgel hawwe sil, is ek noch net bekend.”

Troch it beheinen fan de CO2-útstjit yn it feangebiet kinne der CO2-sertifikaten ferkocht wurde fia de Faluta foar feanmetodyk. Wethâlder Frans Veltman: “De opbringsten fan de enerzjywinning binne in wichtige kompensaasje foar de fermindere ynkomsten fan de pachter. Sa kin op in rendabele bedriuwsfiering rekkene wurde.”

Plannen wurde fierder útwurke
It kolleezje hat yn reaksje op it prinsipefersyk oanjûn in “positive grûnhâlding” te hawwen. De inisjatyfnimmers, de eigners fan de grûn, sille de plannen fierder útwurkje yn gearwurking mei ynwenners en oerheden. De gemeenterie fan De Fryske Marren moat it plan fierderop yn it proses noch goedkarre fia in bestimmingsplanwiziging.

juny 17, 2021 08:43 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.