Unesco wol stimpel ‘yn gefaar’ op Great Barrier Reef Australië

juny 22, 2021 09:19

As it oan Feriene Naasjes-organisaasje Unesco leit, stiet it Australyske Great Barrier Reef meikoarten op ’e list mei Wrâlderfgoed dat yn gefaar is. Neffens de organisaasje giet troch klimaatferoaring it grutste koraalrif yn ’e wrâld, dat sûnt 1981 Wrâlderfgoed is, rap efterút. Australië soe mear aksje ûndernimme moatte om klimaatferoaring tsjin te gean.

Foto: pixabay.com

Sûnt 2015, doe’t Unesco it Great Barrier Reef foar it lêst beoardiele, hie it rif ferskate kearen te krijen mei ferbleking, feroarsake troch hege temperatueren fan it seewetter. Dêrtroch stjert it koraal ôf. Der stean 53 Wrâlderfgoedlokaasjes op de ‘yn gefaar’-list. De measte fanwege saken as fersmoarging, oarloch of ferstedsking. As Unesco de statuswiziging fan it Great Barrier Reef trochset, soe it foar de earste kear wêze dat in Wrâlderfgoedlokaasje fanwege klimaatferoaring op ’e list komt.

It foarnommen beslút is Australië oer it mad kommen. Yn july stiet it by in Unesco-gearkomste op ’e wurklist. Australië beskuldiget Unesco fan politike bemuoienis. Sina is op it stuit foarsitter fan Unesco en Australië tinkt dat de spanningen tusken dy lannen mooglik in rol spylje, meldt de BBC.

Australië wol dêrnjonken al jierren foarkomme dat it Great Barrier Reef, in wichtige toeristelûker, op de ‘yn gefaar’-list komt. Mei dat stimpel komt der mear jild beskikber foar it beskermjen fan Wrâlderfgoed, mar it kin neffens de BBC de toeristestream ek beynfloedzje.

juny 22, 2021 09:19
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.