Underwizers mei akademyske oplieding kinne aai net kwyt op skoalle

juny 18, 2021 14:48

Underwizers mei in universitêre oplieding hâlde faak al gau wer op. It wurk op ‘e basisskoalle jout har net genôch mooglikheden. Dat docht bliken út in enkête fan de Ryksuniversiteit Grins.

Sûnt in jier of tsien kinne minsken dy’t op in basisskoalle foar de klas wolle in akademyske oplieding folgje. Njonken in pabû-oplieding krije hja ek in protte universitêre fakken. Op ‘t lêst krije hja sawol in hbû- as in universitêr diploma. Dat kin bygelyks yn Grins, dêr’t de hegeskoallen Hanze en NHL Stenden mei de Ryksuniversiteit sa’n akademyske pabû oanbiede.

Undersikers Johan Coenen, Ronald Ferket, Lotte Nieuwenhuis, Sandra Wagemakers en Naomi Waijers hawwe 715 (âld-)ûnderwizers mei in akademyske oplieding befrege. In fearn fan harren wurket net langer yn it basisûnderwiis. Foar de grutte mearderheid fan harren is it wurk te ienfâldich.

Hja lêze faak folle mear oer ûntjouwingen yn it fakgebiet en wolle dêr yn de praktyk wat mei dwaan. Dy kâns is der faak net. Boppedat soenen hja graach mear ekstra taken hawwe wolle dy’t passe by ien mei in universitêre eftergrûn, lykas materiaal ûntwikkelje of ûndersyk dwaan.

Fierder fiele ûnderwizers mei in universitêre oplieding harren faak allinnich op skoallen, omdat kollega’s harren ynteresses net diele. Hja fine it ek steurend dat hja foar harren hegere oplieding net mear betelle krije en hja hawwe it idee dat kollega’s en lieding harren suggestjes net wurdearje.

In grut part fan de noch wol wurksume ûnderwizerse mei in universitêre oplieding dielt de klachten. 40 persint fan harren soe graach njonken it lesjaan noch oare taken hawwe wolle.

In ferslach fan it ûndersyk is hjir te lêzen.

juny 18, 2021 14:48
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.