Undersyk nei oanbod terrassen yn Nederlân

juny 3, 2021 08:57

Wy meie einliks wer de terrassen fan de Nederlânske hoareka op. Wylst minsken yn it hiele lân gau reservearje by harren favorite yttintsjes, frege Holidu him ôf hokker Nederlânske stêden ús fan ’t simmer eins de measte kar biede as it giet om in miel yn de bûtenlucht.

Foto: pixabay.com

Holidu, sykmasine foar fakânsjehuzen, besleat in ûndersyk út te fieren om te bepalen hokker Nederlânske (grutte) stêden beskikke oer de measte terrassen, yn ferhâlding ta it tal ynwenners, dêr’t men gesellich in hapke ite kin. Dat resultearre yn in smaakfolle top 10.

– Amsterdam is de oertsjûgjende nûmer 1 mei in skoare fan 10/10;
– Eindhoven sit krekt efter Amsterdam mei in skoare fan 9.9/10;
– Tilburch is de grutte ferrassing yn it rychje; de Willem II-stêd einiget mei in skoare fan 4.6/10 op in kreaze sande plak;
– De Nederlânske top 10 wurdt ôfsletten troch Delft, mei in skoare fan 4.1/10.

Ljouwert stiet op in 31e plak, mei in skoare fan 1.39/10. Fierder stean der gjin Fryske stêden yn ’e list.

It folsleine artikel is te finen yn it online tydskrift fan Holidu.

juny 3, 2021 08:57
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.