Tsientallen deaden by treinûngelok yn Pakistan

juny 7, 2021 09:45

By in treinûngelok yn it suden fan Pakistan binne yn elts gefal 35 deaden fallen. Twa sneltreinen botsten opinoar. Tusken de fyftjin en tweintich passazjiers soene noch beknypt sitte.

Foto: pixabay.com

Ien fan de treinen ûntspoarde en waard efkes dêrnei troch in oare trein rekke. De ûntspoarde trein wie ûnderweis fan de stêd Karachi yn it suden nei Sarghoda yn ’e midden fan it lân. De oare trein gie yn súdlike rjochting út Rawalpindi, yn de buert fan haadstêd Islamabad. Neffens in lokale plysjefunksjonaris yn de provinsje Sindh binne boargers, rêdingwurkers en plysjes dwaande om ferwûne passazjiers nei sikehûzen yn ’e omkriten te ferfieren. “Op it stuit is de útdaging om de passazjiers dy’t fêstsitte fluch te rêden”, seit er.

Neffens amtners fan it spoarbedriuw wiene yn totaal likernôch 1100 passazjiers oan board fan beide treinen. Sa’n hûndert minsken rekken ferwûne. In oantal fan harren leit mei swiere ferwûningen yn it sikehûs. It is noch net dúdlik wêr’t de trein troch ûntspoard is. Treinûngefallen komme yn Pakistan geregeld foar. Ferskate regearen dêr joegen te min omtinken oan it ûnderhâld. Sa is it seinsysteem fan de Pakistaanske spoarwegen ferâldere en is de steat fan it spoar op in protte plakken ek net goed.

juny 7, 2021 09:45
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.