Trompe-l’oeil

juny 21, 2021 11:47

Bedraach it each is de betsjutting fan it Frânske wurd, dat te krijen hat mei in spesjale keunsttechnyk, dêr’t mei opsetsin in optyske yllúzje by makke wurdt. Benammen de kombinaasje fan it object, de eftergrûn en it skaad, makket dat troch ljocht-tsjusterwurking in soarte fan djipte ta stân komt. Yn de renêssânse waard de technyk al in soad brûkt by skilderingen op muorren, plafonds fan tsjerken ensafuorthinne.

Wurkpleats en rjochts in tromp-l’oeilskildrij. Foto MV

Foto MV

Oan Buren yn Hylpen wie op nûmer 44 foarhinne de wente fan it Kweade Wiif, bekend út it folksferhaal (sjoch It Kweade Wiif Fan Hylpen | Friesland.nl). In byltenis op de muorre ropt dat noch hieltyd yn it sin. No hat Johan Mulder dêr sûnt 2000 syn wurkplak. Hy is hjoed-de-dei de iennichste skilder yn Nederlân, en fier dêrbûten,  dy’t de trompe-l’oeiltechnyk noch praktisearret. By keunstsamlers oeral yn ’e wrâld is er bekend. Fan harren kriget er in soad opdrachten.

Mulder hat syn keuntambacht leard by in juwelier. As foarbyld jout er, dat as in gouden sieraad op in swartflewielen eftergrûn leit, troch absorbsje fan de goudkleur yn it flewiel it liket as dat it sieraad nei foaren komt. Sa wurket it ek mei hout as eftergrûn. Hy spilet mei perspektyf.

Bisten bewurket er nei earst in foto makke te hawwen en dêrnei yn lagen it objekt te skilderen. By stillibbens leit dat wat makliker.

As it simmerdeis yn Hylpen tige drok is mei toeristen en sa, en Mulder in soad oanrin hat, is it net sa sear de losse ferkeap dêr’t er it drok mei hat, mar mear noch dat er op syn iepenst wêze moat dat de minsken net mei de hannen oan syn wurken komme.

Koartsein, in ymposante wrâld fan yllúzje en keunst.

Matthijs Verkuijl

 

juny 21, 2021 11:47
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.