Trije noardlike keunstners yn nije eksposysje Wall House yn Grins

juny 4, 2021 08:56

Gabrielle Kroese, Sabine Liedtke en Ismaël Lotz litte yn de nije eksposysje Are You Now yn Wall House #2 harren wurk sjen. De titel ferwiist nei it projekt fan Lotz, mar omfettet it wurk fan alle trije keunstners; de romte dy’t ûntstiet út beheining en hoe’t sy dy romte troch harren wurk benutte en oan de sjogger oerbringe. De eksposysje Are You Now toant skilderijen, tekeningen en film. Wall House #2 iepenet fan sneon 5 juny ôf wer de doarren.

Gabrielle Kroese ‘Blauer Garten III’, 2020 (boarne: Grinzer Museum)

Skilderijen
Gabrielle Kroese (Rotterdam, 1963) studearre ôf oan Akademy Minerva. Har wurk waard ferskate kearen nominearre en is yn ûnderskate kolleksjes opnommen. Kroese hat as artist in residence yn Yslân (2015) en yn Japan (2018) wurke.

Sabine Liedtke ‘Murmurations’, 2021 (boarne: Grinzer Museum)

Tekeningen
Sabine Liedtke (Drachten, 1971) makket tekeningen en kombinearret materialen lykas farve, fotografy en keramyk. Hja konsintrearret har op details út de natuer. It ûnderwerp te isolearjen út de omjouwing is foar har in manier om better te sjen. Soarchfâldich kiest se figurative en abstrakte foarmen as byldtaal.

Ismaël Lotz ‘Are You Now’, sûnt 2014 (boarne: Grinzer Museum)

Film
Ismaël Lotz (Assen, 1975) begûn al jong de wrâld om him hinne fêst te lizzen. Fan 1998 ôf wurke er as allround filmmakker. Yn 2016 makke er syn earste ynternasjonale spylfilm Who is Alice? Twa jier letter krige er fan dokters te hearren dat er ûngenêslik siik wie. Hy makke oer syn sykteproses de yntime searje Lotz leeft. Op de boppeste etaazje fan Wall House is it projekt Are You Now fan him te sjen, dêr’t er yn 2014 mei úteinsette.

Wall House #2
Wall House #2 is in gebou yn it suden fan de stêd Grins. Mei syn foarmen, kleuren, nijsgjirrige details, symboalen en betsjuttingen is it in ikoan foar arsjitektuerleafhawwers. It eksuberante wenhûs waard ûntwurpen troch de New Yorkske arsjitekt John Quentin Hejduk (1929-2000) yn 1973, mar krige pas yn 2001 syn plak oan de Hoarnskemar yn Grins.

It Grinzer Museum beheart it gebou sûnt 2016 en boarget de iepenbiere funksje en kulturele bestimming.

Wall House #2 (foto: Gea Schenk)

Tagong fergees
It gebou en de eksposysje Are You Now is fan 5 juny o/m 31 oktober 2021 sneons en sneins iepen fan 12.00 oant 17.00 oere. De tagong is fergees. Wall House #2 is oan de A.J. Lutulistraat 17 yn Grins.

Wall House #2 hâldt him oan de lanlike rjochtlinen fan it RIVM. Om de feiligens fan de besikers en de meiwurkers te boargjen, wurdt in beheind tal besikers tagelyk talitten om derfan op oan te kinnen dat se oardel byinoar wei bliuwe. Binnendoar is it ferplichte om in mûlekapke te dragen.

It folsleine programma fan 2021 is te finen op www.groningermuseum.nl/wallhouse.

juny 4, 2021 08:56
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.