Tichtplicht min foar Gaelic

juny 21, 2021 20:36
boarne: pixabay.com

De ferplichte sluting fan skoallen yn ’e koroanatiid hat in minne útwurking op it Gaelic. Dat skriuwt de Skotstke krante The National. Lykas yn in protte oare regio’s mei in eigen taal hat Skotlân skoallen dêr’t dy taal de fiertaal is. Alden fan sawol Gaelictalige as Ingelsktalige âlden dogge harren bern op sokke skoallen, omdat dy oer it generaal better ûnderwiis jouwe en omdat de bern der folle better twatalich fan wurde as fan skoallen dêr’t by de measte fakken de lânstaal brûkt wurdt.

Yn Skotlân is it Gaelic allinne yn it uterste noarden noch de fiertaal. Yn de rest fan Skotlân binne it Ingelsk en it nau dêroan besibbe Skotsk de fiertalen. De bern fan Gaelictalige skoallen hawwe dy taal lykwols de ôfrûne oardel jier amper ûnderhâlde kinnen en dat wurdt no sichtber.

De taalorganisaasjes Comann nam Parant en Bord na Gaidlig binne dêrom mei in nij projekt begûn om bern yn Gaelictalige fermiddens te bringen, sadat se in part fan ’e skea ynhelje kinne. Dat dogge se troch rûnom yn Skotlân aktiviteiten te organisearjen foar húshâldingen. De fiertaal is dêrby it Gaelic. De organisaasjes arbeidzje mei gemeenten yn Skotlân op om safolle mooglik aktiviteiten Gaelictalich te meitsjen.

Net allinne yn Skotlân wurdt de ynfloed fan koroana op ’e taal sichtber. Yn it Dútske Sealterlân, dêr’t Frysk praat wurdt, waard okkerdeis ek al konstatearre dat de eigen taal ûnder de tichtplicht te lijen hie. It Nijs berjochte dêr doe oer.

juny 21, 2021 20:36
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. A.Kramer juny 26, 11:40

    Op it brûkjen fan alle talen hat tichtplicht ynfloed. Yn it iene gefal is dat negatyf, yn it oare posityf. De tichtplicht hat kontaktbeheinings as gefolch. Hjirmei is ek it brûkjen fan talen beynfloede. It hinget mar dêr fan of yn hokker taal kontakten dy’t der nog binne plakfine en yn hokker taal kontakten dy’t net mear mooglik wiene.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.