Tichtplicht Melbourne nochris sân dagen ferlinge

juny 2, 2021 09:35

De tichtplicht yn de Australyske stêd Melbourne is nochris mei sân dagen ferlinge. De dielsteat Victoria hopet dêr it tal minsken dat de Yndiaaske koroanafariant skipet mei te beheinen.

Foto: Wikipedia/Marcus Wong – CC BY-SA 3.0

“Wy hawwe no sechtich gefallen en mear as 350 plakken dy’t mooglik mei de goarre yn oanrekking kommen binne. Wy hawwe te krijen mei in fariant fan koroana, dy’t him flugger ferspriedt en besmetliker is as wy ea registrearre hawwe”, sei premier James Merlino fan Victoria.

De tichtplicht betsjut dat de fiif miljoen ynwenners fan de stêd inkeld foar essinsjele saken harren hûs út meie. De maatregel soe eins moarn ôfrinne. “As wy de goarre syn gong gean litte, dan sil it eksplodearje”, sei Merlino. “De fariant wurdt dan ûnkontrolearber en minsken sille stjerre. Net ien wol wat ôfrûne winter barde nochris meimeitsje.”

juny 2, 2021 09:35
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.