Tamarah Benima hâldt Rede fan Fryslân 2021
Resint ferskynd

Tamarah Benima (boarne: Provinsje Fryslân)
Op 28 oktober sil liberaal rabbyn, kollumnist en sjoernalist Tamarah Benima de jierliks Rede fan Fryslân hâlde. Se jout har fyzje op Fryslân en docht dat ûnder de titel Zonder waarheid kunnen we niet. Maar welke? Van Bonifatius tot Woke.
Benima: “De destructie door totalitaire ideologieën, de dekolonisatie, de secularisatie en de opkomst van de communicatiemiddelen in de twintigste eeuw en de invloed van de sociale media zijn enkele factoren van de ondermijning van het klassieke begrip ‘waarheid’. Wat ervoor in de plaats lijkt te komen is een nieuwe religie, met ketters en al. Goede intenties zijn belangrijker dan goede uitkomsten. Totalitair beleid en gedrag liggen op de loer.”
Benima (Amsterdam, 1950) is sûnt 2009 rabbyn fan de Progressief Joodse Gemeente Noord-Nederland Beth haTsafon en sûnt 2015 fan de gemeente Beit Ha’Chidush yn Amsterdam. Hja wurke as ferslachjouwer en haadredakteur by it Nieuw Israëlitisch Weekblad, skreau kollums yn ferskate deiblêden, sa as it Friesch Dagblad, organisearret Iepen Synagoge Tsjinsten, hâldt lêzingen en set Joadske boeken oer.
De Rede fan Fryslân is in jierlikse tradysje fan de provinsje. Op útnûging fan de kommissaris fan de Kening hâldt in prominint persoan fan bûten de provinsje mei it each op de takomst Fryslân de spegel foar.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje