Takomstbestindichheid trije Fryske musea neier ûndersocht

juny 24, 2021 10:20

Foto Provinsje Fryslân

Trije Fryske musea hawwe ekstra subsydzje nedich om it ferhaal fan Fryslân better te fêst te hâlden en te bewarjen. Dat wurdt dúdlik út in ûndersyk fan kultureel advysbureau Blueyard yn opdracht fan de provinsje Fryslân. It giet om it Frysk Lânboumuseum, it Frysk Skipfeart Museum en it Natuermuseum Fryslân.

As gefolch fan in nije ferdielsystematyk fan de provinsjale mearjierrige kultuersubsydzjes, krigen dizze musea in goed jier lyn minder jild taparte. Dy nije ferdieling is ûnderdiel fan de provinsjale kultuerbeliedsnota Nij Poadium, dy’t ynset op nije dynamyk en mear ferskaat. Dêrmei wol de provinsje yn de kulturele sektor nije paden opgean. Waarden oanfragen eartiids beoardiele troch de amtlike tsjinst, dat bart no troch in ûnôfhinklike advyskommisje besteande út eksperts út it fjild. De advyskommisje makket dêrby gebrûk fan it hifkingsramt út Nij Poadium.

De nije ferdielsystematyk soarge hjir en dêr foar ûnrêst en teloarstelling yn de kultuersektor. Sa soe troch it ferdwinen fan de stipe ûnder oare it behâld fan museäle kolleksjes ûnder druk komme te stean.

Yn it rapport docht Blueyard foarstellen om de finansjele situaasje te ferbetterjen. It kolleezje fan DS leit it advys út it rapport foar oan Provinsjale Steaten. By de behanneling fan de Ramtnota op 30 juny e.k. nimme Provinsjale Steaten in beslút oer it ekstra jild foar de musea.
Klik op Blueyard rapport provinsje Fryslân om it rapport te lêzen.

juny 24, 2021 10:20
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.