Takomst Hegewarren

juny 18, 2021 13:29

De Hegewarren is in polder yn it feangreidegebiet yn Smellingerlân. Der wurdt neitocht oer de takomst fan dat gebiet, want de boaiem sakket, it wetterbehear wurdt komplekser en der komt troch it delgeande fean in protte CO2 frij. Troch legere grûnwetterstannen ferdrûgje omlizzende natuergebieten. Boppedat leit it gebiet fuort tsjin it stikstofgefoelige natuergebiet De Alde Feanen oan. De Hegewarren is ien fan de twa kânsrike gebieten yn it feangreideprogramma.

Foto © Provinsje Fryslân

Mear as in heal jier hat in groep ynwenners en belutsenen oan mooglike farianten foar de takomst fan de polder wurke. It saneamde ko-kreaasjeteam presintearret no de earste ideeën foar dy takomst en freget belanghawwers en bestjoerders om dêrop te reagearjen.

Der binne twa farianten betocht dêr’t de polderkaaien yn beholden bliuwe en twa farianten mei mear wetter. Guon farianten hawwe noch sub-farianten, lykas mei en sûnder farwei. Dat allegearre is – mei útlis – te besjen op www.toekomsthegewarren.frl. Oant no ta is it útgongspunt en ek de winsk fan de feehâlders dat harren takomst earne oars leit. Yn in tal farianten is romte foar (ekstensiver) agrarysk gebrûk.

Elkenien dy’t dat wol, kin der in reaksje jaan fia itselde webstee. Dêrnei wurket it ko-kreaasjeteam de konseptfarianten fierder út en ferbetteret dy. As de resultaten fan ’e hjerst definityf oplevere wurde, bûge de oerheden harren deroer om ta in kar te kommen.

juny 18, 2021 13:29
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.