Taalstriid / 11e Dei fan de Fryske Taalkunde
Resint ferskynd
It Taalkundich Wurkferbân fan de Fryske Akademy organisearret dit jier op freed 19 novimber de 11e Dei fan de Fryske Taalkunde, as ûnderdiel fan de ‘Myn Taal’-fiering om Kneppelfreed hinne (http://www.11en30.nu/de-canon-vensters/kneppelfreed).

Boarne foto: Unsplash.com © Renee Fisher
De 11e Dei fan de Fryske Taalkunde is fan belang foar elkenien dy’t niget hat oan de stúdzje fan it Frysk yn brede sin. Resultaten fan histoarysk, sosjologysk en taalkundich ûndersyk binne wolkom, mar ek presintaasjes fan ûndersyksplannen, spekulaasjes en taalkorpora. Lêzingen meie jûn wurde yn alle West-Germaanske talen.
Fanwege de ‘Myn taal’-moanne is ‘Taalstriid’ it opsjonele kongrestema (konkurrinsje tusken talen, wurden of struktueren). Bydragen fan studinten binne, lykas altyd, fan herte wolkom, as poster of as lêzing.
Bydragen binne 30 minuten lang (20 minuten lêzing, 10 minuten diskusje). Gadingmakkers kinne in gearfetting (op in heale A4, mei namme en adres) sa gau mooglik, mar net letter as 1 septimber, opstjoere nei Eric Hoekstra (sekretaris fan it Taalkundich Wurkferbân): ehoekstra@fryske-akademy.nl
De dei wurdt holden yn Ljouwert yn de Fryske Akademy (of digitaal, ôfhinklik fan Covid).
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje