Studinten fan ROC Friese Poort eksposearje yn De Lawei

juny 14, 2021 08:47 Fernijd

Fjouwerentweintich studinten fan de opliedingen mediafoarmjouwer en fotograaf oan it ROC Friese Poort eksposearje o/m 25 juny har eineksamenwurk yn ’e eksposysjeromte fan De Lawei. De eksposysje hat de namme Geöntpopt krige; in selsbetocht wurd dat foar persoanlike ûntwikkeling stiet. Fansels mei in taalkundige knypeach. De studinten sjogge it as in filosofysk konsept: ‘it ûntpopjen ta it ultime sels is al bard, it proses is trochrûn’. Mei de eksposysje slute de studinten harren trijejierrige oplieding ôf.

Foto: Gerrit Miedema

De studinten hawwe net allinnich hurd oan harren eigen kreaasjes wurke, hja hawwe ek de organisaasje, opbou en ynrjochting fan de eksposysje foar harren rekken nommen. Dat is mei fjouwerentweintich eksposanten gjin maklik kerwei: hokker fotografen kin men neistinoar hingje, wêr set men it wurk yn ’e romte del en hoe giet men mei ljochtynfal om? De skerpe blik fan de studinten hat resultearre yn in profesjonele eksposysje, dy’t ferrast troch it grutte ferskaat yn tema’s, techniken en stilen. Mar ek de kwaliteit springt derút, fan ûntwerplampe oant sprankeljende moadefoto’s.

De eksposysje Geöntpopt is te sjen oant en mei 25 juny, tongersdeis en freeds fan 14.00 oant 17.00 oere.

Foto: Gerrit Miedema

juny 14, 2021 08:47 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.