Streekdichter fan Noardeast-Fryslân: Salang’t de wyn

juny 5, 2021 09:30 Fernijd

Salang’t de wyn

Foto: Gemeente Noardeast-Fryslân

De nachten duorje langer as de dagen.
De ruten altyd en ivich besmoarge, dêr’t
it libben him op ’e knibbels ôfspilet
yn ’e hope dat de dea wjukken jout.

Ast dy dan lang om let in wei
omheech skrept hast, it ljocht dy
de eagen swart fan ’t stof útspield hat,
kriget de siele rêst en it wyt fan bonke
en plasse beskûl.

It is dyn ierdske bienwurk dat troch
sede en wet opdold wurdt, fan hân
op hân langer as in minskelibben
omswalket.

Ek dizze striid is striden al is neat ivich
yn dit libben noch yn ’e dea.
Salang’t de wyn waait op dizze dwinger
en de sinne it skrinkelgrêf beskynt
fynsto hjoed en elk dy’t nei dy komt frede.

Geart Tigchelaar

Lês ek dit berjocht fan It Nijs fan 29 maaie: www.itnijs.frl/2021/05/stoflike-resten-ut-de-midsiuwen-opnij-begroeven-yn-dokkum.

juny 5, 2021 09:30 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.