Steaten fine folbouwen fan Fryslân gjin min idee

juny 17, 2021 11:26

De measte partijen yn Provinsjale Steaten sjogge it ‘deltaplan foar it noarden’ yn it foarste plak as in kâns foar Fryslân. Se stypje de lobby fan de noardlike provinsjes om in flugge spoarline oan te lizzen, yn kombinaasje mei in massaal hûzebouplan.

De noardlike provinsjes wolle mei mekoar 220.000 nije huzen bouwe, as der in nije spoarferbining oer Drachten komt. Yn Fryslân giet it om 45.000 huzen. Safolle steane der ek yn de stêd Ljouwert.

Net alle partijen stypje de plannen. Dat die bliken yn in kommisjegearkomste. De PVV is bygelyks poer op it deltaplan tsjin. Steatelid Harry Graansma spruts dan ek stevige taal.

“Wy wurde yn de sek naaid”, sei Graansma tsjin de oare Steateleden. Hy wie it der ek net mei iens dat ynsprekkers net wolkom wiene by de kommisjegearkomst. Syn foarstel fan oarder om net oer de ynhâld fan it deltaplan te praten waard yn stimming brocht, mar krige net folle stipe.

By it praten oer de plannen die bliken dat fierwei de measte fraksjes der posityf nei sjogge. “It is goed foar ús berikberheid en ús ekonomy”, seit Steatelid Gryte Wymenga (FvD). Neffens har is der gjin oanlieding om ‘benaud’ te wêzen foar de 45.000 huzen dy’t ekstra boud wurde soene.

Earder kaam dêr wol krityk op. In wenningbousaakkundige sei dat it ‘in kânsleaze missy’ is. Deputearre Fokkens luts har dêr neat fan oan. “Vijf van de tien economen zullen zeggen dat het niet haalbaar is.”

FNP’er Sijbe Knol hat it gefoel ‘dat Provinsjale Steaten mei it deltaplan yn in fûke swimme’. Hy is fan betinken dat der earst in fûnemintele diskusje oer de takomst fan Fryslân hâlden wurde moat, foardat in beslút nommen wurdt oer in plan as it ‘deltaplan foar it noarden’.

Anne Zylstra fan de PvdA fynt dat der yn it deltaplan ynset wurde moat op ‘betelbere, duorsume wenten’, dy’t ek geskikt binne foar starters op de wenningmerk. Boppedat moat soarchfâldich sjoen wurde nei it ynpassen fan al dy nije wenten yn it lânskip, sa sei er.

De partijen fine yn prinsipe allegearre dat de Fryske befolking mear belutsen wurde moat by de plannen. Dat wolle se dwaan troch bygelyks in grutte byienkomst oer de plannen yn Drachten of It Hearrenfean, in representative peiling of sels in referindum.

Mar omdat it plan no yn it foarste plak in fyzjestik is en noch gjin konkreet plan, is it dêr no noch te betiid foar, seit ek Steatelid Maaike Prins fan it CDA.

“It is echt noch te gau. Wy moatte earst konkreter witte wêr’t we hinne geane, foardat we de befolking om harren miening freegje. It is no noch fierstente abstrakt.”

Boarne: Omrop Fryslân

juny 17, 2021 11:26
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.