Spoarweioergong Boazum wurdt earder befeilige

juny 22, 2021 08:59

De net aktyf befeilige spoarweioergong oan ’e Singel yn Boazum wurdt yn ’e rin fan 2022 befeilige. En op syn lêst 1 july oansteande moat de finansiering fan regionale oerheden der lizze foar harren part fan de oanpak fan spoarweioergong Skûlenboarch yn Hylpen. Dat is de útkomst fan bestjoerlik oerlis dat de gemeente Súdwest-Fryslân ôfrûne wike fierde mei ProRail, Provinsje Fryslân en it ministearje fan Ynfrastruktuer en Wettersteat.

De net befeilige spoarweioergong yn Hylpen moat op syn lêst yn 2023 oanpakt wêze. Dat is neffens de ferplichting dy’t ProRail hat mei it lanlike NABO-programma. ProRail is dan ek al mei de earste planútwurking dwaande. Oant dy tiid wurde op it plak tydlik ekstra maatregels troffen, lykas ekstra ferkearsbuorden en dykmarkearringen.

Direkte oanlieding foar it flugger trochpakken foar beide oerwegen is it ûngelok dat op sneon 5 juny lêstlyn barde op de spoarweioergong yn Boazum. By dat tragyske ûngelok kamen twa persoanen om it libben.

juny 22, 2021 08:59
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.