Spantsje 4 moanne oaninoar fêst om relaasje te rêden

juny 20, 2021 08:59

In lêste besykjen om in knipperljochtrelaasje fan in definityf ein te rêden, is foar in jong span út de Oekraïne op in teloarstelling útrûn. De 33-jierrige Alexander en syn freondinne Viktoria (29) besleaten by wize fan eksperimint om de ferkearing noch ien kâns te jaan troch tenei boeid troch it libben te gean. Lykwols moasten de twa nei fjouwer moanne dochs echt belies jaan. Hja kamen ta de konklúzje dochs te ferskillend te wêzen.

Foto: pixabay.com

De twa giene sûnt Falentynsdei boeid troch it libben, mei hânboeien en al, om sa de krêft fan harren relaasje te hifkjen. Dêrtroch moasten se harren privacy, mar ek in gefoel fan skamte opjaan. By it eksperimint dielde it span hast alles tegearre, lykas boadskippen dwaan, iten klearmeitsje, it hûs opromje, hja giene mei nei inoars wurkplakken ta en brochten tegearre besites oan it húske.

Ynearsten gie dat poerbêst, mar yn ’e rin fan ’e moannen levere it gebrek oan privacy hieltyd mear spanningen en frustraasje op. Nettsjinsteande dat Viktoria de hiele dei mei har freon opskipe siet, krige se just it gefoel dat se net genôch omtinken fan him krige. “Hy sei nea: ik mis dy, wylst ik dat just wol graach hearre wolle soe.”

Under tasjend each fan ferskate nijsstjoerders lieten de twa by in monumint yn Kiev de hânboeien fuorthelje. Foaral Viktora wie tige optein: “Jûchhei, ik wol myn eigen ûnôfhinklike libben libje en groeie as in ûnôfhinklik persoan. Ik bin einliks frij.”

juny 20, 2021 08:59
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Lb juny 20, 22:21

    In bedoarne flarde.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.