Soe er it sa bedoeld ha?

juny 10, 2021 12:05

Ynstjoerd

In pear sitaten út in kollum fan Abdelkader Benali yn Trouw fan tiisdei 8 juni 2021.

  • ‘(…) Annemarie Nauta die de verstikkende provincie (dat is Fryslân!, IW) ontvluchtte voor de vrijheid van Amsterdam.’
  • ‘(…) met docenten aan het Singelland-vmbo ga ik in gesprek over kansengelijkheid in Friesland. Daar valt nog een wereld te winnen. Om de kinderen in de vaart der volkeren op te stuwen begint men al bij het consultatiebureau met ouders erop te wijzen dat hun kind met Fries alleen de wereld niet kan veroveren.’
  • ‘Wie ambitie toont wordt al snel gevraagd om toch een beetje in de pas te blijven lopen.’
  • ‘Onder de romantiek van Friesland, dat stille, ingetogen menselijke landschap, ligt nog heel wat vuur dat naar buiten wil.’

Ut harren ferbân helle? Ja en nee.
Nee, want it ferbân mei de tekst – oer anty-feminisme by de haadpersoan yn Turks Fruit – wie net sa dúdlik.
Ja, want yn de tekst stie mear.

As minsken as Benali – doch wier de domste net – sa oer Fryslân skriuwe, ek as it sa beroerd net bedoeld is – hoe moatte oare lju dan wol oer ús tinke?

Der sprekt lytsachting út syn wurden. Dat Fryslân as in efterbleaun gebiet besjoen wurdt, is mear as dúdlik. Wa jout de skriuwer dêrta it rjocht? Of hat er it miskien sa net bedoeld, of wit er miskien hielendal net wêr’t Fryslân eins foar stiet?

Dit wie in misser fan menear Benali – en fan Trouw!

Inger Wets

juny 10, 2021 12:05
Skriuw in reaksje

3 opmerkingen

  1. Gerrit de Vries juny 11, 20:53

    en werom yn ‘e goedichheid soenen wy ús der om bekroadzje moatte wat mynhear Benali oer Fryslân tinkt ? Lit dy fint. Wat er oer Fryslân tinkt seit mear oer him as oer ús.

  2. Klaas Aaldert van der Veen juny 14, 11:31

    De man hat gelyk wat dat ‘verstikkend’ betreft, want dat wurd it wol foar it Frysk mei sa’n Deltaplan voor het noorden. De kansongelikens wer d’r it oer hat komt foaral troch it lienstelsel en befoaroardielde leraren en docenten. Hy brukt de alderwetske utdrukking’in de vaart der volkeren op te stuwen’.Soe d’r der mei bedoele dat elkenien mar ict er ensafourthinne wurde moat?Der hat net elkenien it talent foar of nocht oan.En al it oare wurk moat ek dien wurde.Fierders docht d’r it foarkommen as soen je mei Hollansk wol fierder komme.Op de universiteiten is it Ingelsk hielendal hip.Boppedat ha de VN meiinoar ofpraten dat underwiis yn de eigen taal in minskerjocht is.Dus sa besjoen is de hear Benali net sa ‘woke’ .Mar dat skient syn grutste prioriteit net te wezen. Mar just derom moat der tsjinlud joen wurde.Hat der al yn in stik nei Trouw stjoert? Of dogge se net oan ynstjoerde stikken?Ik koe d’r net in e-mailadres foar fine.

  3. eric juny 15, 12:44

    Oer Banali, fan wikipedia: “In 2021 werd Benali gevraagd voor het Nationaal Comité 4 en 5 mei om een lezing te verzorgen op 4 mei. Nadat kwetsende uitspraken uit 2006 van Benali over Joden waren opgedoken en daarover ophef was ontstaan, trok hij zich terug.”

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.