Skûlje en skûlje litte
Resint ferskynd
Oertinking
It bliuwt in prachtich gesicht: in klokhin of memme-ein mei pykjes. It makket jin weak, al dy pykjes dy’t ûnder memme wjukken skûlje en mei de lytse kopkes ûnder har út komme.
Yn it boek Ruth seit Boäz earst tsjin Ruth dat se ûnder de wjukken fan God taflecht siket (2:12). As Boäz kjel wekker wurdt, in frou oan it fuottenein fielt en ropt: Wa binne jo?, dan is it antwurd: Ik bin Ruth (de asylsiker, de widdo, de iersiker), spried jo wjukken oer my, want jo binne de losser.
Ik fyn dat dûbele skûljen, earst by God en dan ek by de minsken, sa moai. God hat op ierde gjin oare hannen (wjukken) as minskehannen. Ik tink dat de grutte wjukken fan de kearubs op it lid fan ’e arke dat spraakgebrûk oer de wjukken fan God oproppen ha. As de minsken nei de timpel kamen, fielden se har feilich ûnder dy wjukken.
– By Jo, Heare, komme de minskebern om har te bergjen yn it skaad fan jo wjukken (Ps 36:8)
– Yn it skaad fan jo wjukken wol ik skûlje (Ps 57:2)
– Mocht ik altyd skûlje ûnder jo wjukken (Ps 61:5)
– Yn it skaad fan jo wjukken jubelje ik (Ps 63:8)
Folle letter sil Jezus sizze dat Er besocht hat om minsken ûnder de wjukken te krijen lykas in klok har pykjes.
Boäz wit wat skûljen by God is, hy gunt dat Ruth ek. Mar hy brûkt net allinne grutte wurden, hy is ek ree om sels dy wjukken fan God te wêzen. Hy lit Ruth en Noömy net ferhongerje. Hy lit har ek no net mei lege hannen nei har skoanmem gean: seis mjitten koarn jout er har mei! Mar hy wol ek in strukturele oplossing jaan: dêryn is er sân: de folle help.
As de tsjerke, jo en ik noris diene wat Boäz die!
Lêze: Ruth 3:8-16
ds. Doede Wiersma
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje