Skôgingen fan It Nijs yn boekfoarm
Resint ferskynd
Yn 2020 en begjin 2021 skreau teolooch/agooch Wytze Brandsma in rige fan 20 romsinnige meditative skôgingen foar It Nijs. Dy binne no bondele yn in omkearboek, d.w.s. se binne sawol yn it Frysk as yn it Hollânsk te lêzen. It is in kreas útfierd boek wurden mei as titels Lykwicht & Harmony / Evenwicht & Harmonie
It boek telt 100 siden, kostet € 12,50 en is yn eigen behear útjûn.
It is te bestellen troch in mail te stjoeren nei wytzevasthihoeve@hotmail.com.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje