Skiep Fryske Gea feilich yn skieppekoai

juny 1, 2021 12:56

Fan It Fryske Gea

De keppel fan Hilde Groen

Sûnt juster kinne de skiep fan It Fryske Gea oernachtsje yn in mobile skieppekoai. Sa binne se feilich foar eventuele wolven. De natuerorganisaasje hat mei dat nije fenomeen de primeur fan Nederlân.

It earste plak dêr’t de koai stiet is de Schaopedobbe. Dêr hoedet Hilde Groen op it stuit de skiep fan It Fryske Gea (IFG). Fan april oant mids oktober giet se om de moanne nei in oar gebiet. De skieppekoai giet dan alle kearen mei.

Ferline jier rekke IFG troch de wolf sân skiep kwyt. De wolf is wolkom by IFG, mar de organisaasje begrypt bêst dat er in soad ûnrêst meibringt. Ophâlde mei skiephoedzjen is foar IFG gjin opsje, want it binne krekt de skiep, en dan spesjaal fan it Drintske ras, dy’t fan belang binne by it behear fan de heidefjilden. Se frette stikstofprofiteurs lykas bjintegers en hynstemoanjes. As sokke plantsjes de oerhân krije, krije skrobberheide en skieppeklokjes it krekt dreech. De heidehipper, de nachtswel of deislieper, alderhande soarten flinters (lykas it heideblaujurkje), reptilen en slangen krije it ek hieltyd dreger. Foar it bioferskaat is it skiep dus ek wichtich.

It Drintske heideskiep is in ras fan wol 3000 jaar âld. Dy skiep brûkt IFG omdat se de oarspronklike foarmers fan de heide binne. Der is gjin bist dat mei sa’n bytsje fretten en wetter ta kin. Dy skrale omstannichheden soargje foar it unike karakter fan de heide.

Potstâl
De mobile skieppekoai slút oan by it âlde plaggelânbousysteem, better bekend as de ‘potstâl’. Dat systeem is út de tiid fan it ûntstean fan de heide doe’t de populaasje fan minsken begûn út te wreidzjen. Yn de stront dy’t de skiep dêr efterlitte sitte fiedingsstoffen. In keppel skiep ferheget dus de genetyske krêft fan it gebiet: plantesoarten wurde troch sied ferspraat.

De potstâl is it âldste lânbousysteem fan ’e wrâld. By de gruttere gebieten fan IFG lykas de Dellebuorsterheide, Ketliker Skar, Ketliker heide en no earst de Schaopedobbe komme dus ‘potstâlen’ op de plakken dêr’t de koai stien hat. By de lytsere gebieten (Kappellepôle, Liphústerheide en Hulstree) komt gjin koai.

 

juny 1, 2021 12:56
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.