Skelkjes

juny 13, 2021 07:00 Fernijd

Oertinking

Ha jo en ik it ferkeard dien?
Noait ien kear! It is altyd de oare dy’t it ferkeard sjocht en docht. En as wy al betrape wurde op in fout, dan ha wy ús fromme ferlechjes.
As Adam en Eva betrape binne, as se yn har himd steane, har útklaaid fiele, dan knoopje se fan figeblêden ‘skelkjes’.
De skelkjes litte moai sjen hoe’t minsken harren kompromissen kamûflearje wolle. Wat prate wy ússels faak skjin! Bygelyks as wy mar trochgeane mei smoken, as wy mei drank op efter it stjoer krûpe, as wy boppesêd ite en drinke, as wy it miljeu fersmoargje, as wy foar eigen gewin ‘oer liken’ geane, as wy swart lean betelje of de belesting ûntdûke…

Guon skrilje net tebek om fan help oan earme lannen te sizzen, dat it in drip op in gloeiende plaat is, of: de help komt tusken de wâl en it skip, of: se keapje der wapens foar.
God set ús aloan wer foar de kar om fan syn ierde in paradys óf in wyldernis te meitsjen. Hy stelt ús de fraach: “Wêr bisto? Wêr bisto mei dwaande?” Soargje wy goed foar ús paradys (houlik, húshâlding, famylje, tsjerke, doarp, buert) of litte wy it túch mar groeie? Wêr binne jo en ik mei dwaande?
Want dat it God om de ierde en alles wat libbet, giet, dat is ús nei trije haadstikken Genesis al lang dúdlik. De fraach oan de minske is oft er ‘byld’ fan God wêze wol.
Wol de minske harkje nei DE STIM efter it bestean?

Mear treast as de skelkjes dy’t de minske en syn frou foar harsels meitsje, biede de klean dy’t God foar harren makket (Genesis 3:21). Se ha troch eigen skuld it rjocht op it paradys ferspile, en de kâlde, boaze wrâld is harren foarlân, mar de soarchsume God lit harren net los.
Kostlik hoe’t Hy waarme, beskermjende klean sit te meitsjen en harren dy mei jout. Sa meie wy ús op ús reis troch dizze wrâld, nettsjinsteande ús tekoarten, waarmje yn ’e klean dy’t God sels foar ús makke hat.

Lêze: Genesis 3:7-13 en 21

ds. Doede Wiersma

Mei tastimming oernommen út Wekker bliuwe, dat by de KFFB te bestellen is foar de ledepriis fan €19,50. (boekeklub@kffb.nl, 06-5168 1577)
juny 13, 2021 07:00 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.