Sjoernalisten Ljouwerter Krante hoffenje nij mediabelied Arno Brok ôf

juny 10, 2021 16:36

“Wat een poppenkast” skriuwt Irene Overduin, neffens har Twitterprofyl ûnder oaren ekonomysjoernaliste by de Ljouwerter Krante, oer de oankundiging fan it nije mediabelied fan de provinsje. Kommissaris fan de kening Arno Brok hat oankundige dat it provinsjebestjoer de parse tenei op in oare manier ynformearje wol. It wyklikse petear mei sjoernalisten wurdt tenei live op ynternet útstjoerd.

“Maksimale transparânsje”, neamt Brok it. Frou Overduin skriuwt: “Media is niks gevraagd. Die worden schaamteloos dit toneelstuk ingezogen.” Hja neamt it nije belied “profileringsdwang”. Har kollega Wieberen Elverdink, ek fan de LC, falt har by. Hy neamt it nije belied “absurd”. Wat de sjoernalisten krekt op it plan tsjin hawwe, melde hja lykwols net.

juny 10, 2021 16:36
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Sybren juny 11, 10:00

    Tsja, as de als Ljouwerter sels poppenkast wurden is, Moatte je net tefolle seure tink ik dan!

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.