Sineeske Marsrover stjoert nije bylden fan lâning op Mars

juny 28, 2021 08:32

De Sineeske Marsrover Zhurong hat nije bylden en lûden fan de Reade Planeet stjoerd. Op de bylden is te sjen hoe’t it Marsweintsje op de planeet ôfsakket en dêrnei mei in parasjute lânet. Der binne ek bylden fan it weintsje dat weromrydt nei it lâningsplatfoarm. Zhurong hie earder flak foar syn lâning op Mars in wifi-kamera falle litten. Dêr makke it karke letter bylden fan himsels mei.

Makette fan Zhurong (foto: Wikipedia/Sprt98 – CC BY-SA 4.0)

De lûden dy’t frijjûn binne, komme neffens de Sineeske romtefeartorganisaasje CNSA troch ynteraksje fan ferskate metalen ûnderdielen. Mei de bestannen is it bedriuw by steat om djipgeande analyzen út te fieren nei de omjouwing en de tastân fan Mars, ûnder oare nei de tichtheid fan de atmosfear op de planeet.

It karke dat 240 kilo weaget, is op 14 maaie op Mars lâne. In pear dagen letter stjoerde it reau de earste foto’s werom nei de ierde. Wer in pear dagen letter begûn it weintsje te riden. Underwilens hat Zhurong sa’n 236 meter ôflein. Sineeske ûndersikers seine earder te hoopjen dat Zhurong it yn elts gefal njoggentich dagen folhâldt. It weintsje hat ûnder mear in laserynstrumint om de gearstalling fan it stientme te analysearjen en in radar om nei iis ûnder it oerflak te sykjen. Op ’e mêst sitte ferskate kamera’s en Zhurong hat ek in ynstrumint om it waar te bestudearjen. Dêrneist wol men ûndersykje hoe’t wyn op oare planeten klinkt.

Besjoch in filmke fan CNSA.

juny 28, 2021 08:32
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.