Simone Djurrema: Wy geane foar grien!

juny 5, 2021 20:00

Kollum

De maitiid is let dit jier, net allinnich yn Fryslân, mar ek yn Sweden en oare lannen. Einlik bloeit it koalsied; de koalsiedfjilden jouwe suver ljocht! Heit en mem komme oer twa wike ek wer mei de camper. Ik hoopje ik dat it dan noch net oer is, mar de lupinen en allegearre oare blommen begjinne ek al hast, dat dêr kinne se har moai oer fernuverje. Der binne ek aardich wat boekingen foar de buorman syn skattige reade húske. Wy hoopje dat eltsenien komme kin no’t it mei de koroana wat ôfsakket.

No’t wy wat mear midden yn de natuer libje, haw ik mear niget oan ûnkrûd en wat men dêrmei kin. Ferline jier begûn ik al mei fûgeltsjekrûd op ‘e bôle en knineblêden yn stee fan slaad. De hoannepoat fielde my net sa lekker yn ‘e mûle, mar miskien is pesto dêrfan wol lekker.

Hjir yn Sweden is brânnettelsop aardich populair. Dat meitsje ik no ien of twa kear yn ‘e maitiid, hearlik! Dêr hearre dan hiele seane aaien yn. Ik hie al ris ferteld dat der aardich wat beien en poddestuollen plôke wurde, mar is der ek mear? Ik fûn by in loppis (rommelmerk/omrinwinkel) in boek dat Skogsskafferiet hjit. Dat betsjut eins ‘boskfoarriedkast’. It soarte kast dêr’t op doeld wurdt, is in koelere kast dêr’t foaral ynmakke iten ensafoarthinne yn bewarre wurdt. Dat boek steane allegear tips yn oer it sykjen en tarieden fan iten út ‘e natuer.

Fan ’e maitiid krige ik in pear siedsjes fan in freondinne om griente te siedzjen. De finsterbanken stiene fol en ik hie der tige myn aardichheid oan. No ken ik mysels goed genôch om te witten dat ik graach earne oan begjin, mar as it ûnkrûd de griente ynhellet, is it gau dien mei it feest. Boppedat fyn ik it altyd wat spitich om moannen te wachtsjen en dan…, yn in flok en in sucht is it op! Kin dat miskien ek oars?

En doe kaam ik earne de ‘brave hendrik’ tsjin. Dy moast ik hawwe fansels! Myn Hindrik foldocht my poerbêst, dat in plant mei syn namme, dat kin allinnich mar goed wêze! Dy plant komt alle jierren wer en je kinne, ôfhinklik fan it seisoen, de blêden, de stâlen of de siedsjes ite. Hy woekeret ek noch en dêr hawwe wy de romte wol foar. Soene der mear fêste grienteplanten wêze? Ja hear! Ik fûn op YouTube filmkes oer soks, en soarten dêr’t men mear as ien kear kear fan rispje kin.

No wie de hikke fan ‘e daam. Ik fûn ûnder mear in fêste brokkoly, in seekoal, winterposlein dy’t, as it goed is, himsels útsieddet. Doe ûntduts ik dat asperzjes fêste planten binne en in hiel aardich blêd hawwe. Jimme begripe al dat ik wakker oan it bestellen west haw. It wie in hiele útsikerij, want it is hjir fansels wol in bytsje kâlder as yn Fryslân. In pear siedsjes wiene yn Sweden net te finen, dat dy haw ik yn Nederlân besteld.

De finsterbanken hawwe wikenlang fol stien mei dy siedsjes fan de freondinne. In part haw ik hast deagean litten, mar fierwei it measte libbet noch. No haw ik fan alles nei bûten brocht, mar dan wol it measte yn bakken, want ik woe ommers net te folle ûnkrûd hawwe en ik hie noch net fan ‘túnkjen sûnder hakjen’ heard. De fêste planten haw ik no siedde; it koe noch krekt neffens de pûdsjes. Dy komme wol yn ‘e tún as se safier binne. Der komme ek in pear blomkes yn fansels; it each wol ek wat. De asperzjeplanten steane al yn it túntsje dat ik net hoegde te hakjen. No wit ik hoe’t dat moat. Der steane sels in pear bakjes mei kâld kymjende siedsjes yn ‘e kuolkast! Ik wol fansels net oant oar jier wachtsje op planten dy’t kjeld nedich hawwe om op te kommen!

Foto © S.D.

Ik haw oeral oan tocht, hoopje ik. It bloedmoal stiet klear om hartsjes, elanden en hazzen nachtmerjes te besoargjen as se der ek mar oan tinke om yn ‘e buert fan myn túntsje te kommen. De ekologyske slakkekerrels binne struid. Wat kin der noch misgean!

Ik sykje ek ynformaasje op oer kweken yn ‘e hûs foar fan ‘t winter. Dat skynt ek te kinnen. Sommige soarten snijbyt of dopeartespruten bygelyks, wy sille der in set fan ha! As it wat slagget, dan hawwe we aanst mear kar as yn ‘e winkel en it hiele jier troch sa no en dan wat farske griente. It hoecht net alle dagen. En alle finsterbanken hoege ek net mear fol te stean as ik der wat oarder yn krij. Beleaven net! Mar yn ‘e keuken wat griente yn stee fan plantsjes, dat stiet dochs wol moai, tocht ik.

As ik mei soks dwaande bin, kin ik sa bliid wêze dat we de stap nommen hawwe om hjir hinne te ferhúzjen. Yn Fryslân hiene wy in lyts túntsje en der hie wol wat mooglik west, mar hjir is gewoan mear romte om dit soarte fan dingen samar út te finen. En mei woekerplanten wat te besykjen, sûnder it risiko dat it ûnder it sket troch nei de buorlju krûpt bygelyks. Ik begryp net dat der net folle mear Sweden binne dy’t dat wolle. In part fan de âlderein kweekt hjir ek wol fan alles, mar ik fernaam wol dat se eins dogge wat se altyd al dien hawwe. Fêste griente betsjut foar harren fruit en rabarber. De jongere minsken wurkje har allegearre in slach yn ‘e rûnte. Dêr is neat mis mei, mar dan is der faak gjin tiid om te kweken en sa. Der binne wat minsken dy’t har dêr wol echt mei dwaande hâlde, de echte leafhawwers. Mar net mear as yn oare lannen foar sa fier’t ik wit.

Ik bin realistysk. De helte is misskien net iens lekker, of ik fyn it dochs te folle gedonder. En as dat sa is, doch ik it gewoan net wer. Mar op it stuit fyn ik it allegearre geweldich! Tsjintwurdich sit ik jûns meastal net foar de telefyzje om searjes te sjen, mar sjoch ik bygelyks nei YouTubefilmkes fan in aardige jongkeardel mei ûnder mear tips om fergees te túnkjen: https://www.youtube.com/watch?v=3vN5Mn_-5MM of nei ien dy’t my hiel goed past oer kweken sûnder túnhakje te moatten: https://www.youtube.com/watch?v=0LH6-w57Slw. En misskien wol myn favoryt! “Do-nothing gardening!” (Doch neat oan túnkjen!): https://www.youtube.com/watch?v=NXNc9pytTzI. As ik dat allegearre leauwe moat, tink ik dat ik oar jier hielendal neat mear hoech te dwaan; misskien rint de griente sels wol nei de panne ta!!!

Simone Djurrema-van der Wal út Garyp wennet sûnt 2015 mei har man en bern yn Mellerud yn Sweden.
juny 5, 2021 20:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.