Sikke Neurich: Chippendale

juny 12, 2021 20:00

Kollum

Ik moat earlik tajaan, ik haw de ein yn ’e bek. Allinne de wurden al. Covid-19 en koroana. En dan de bylden dy’t dei yn, dei út oer de skerms skowe. Mûlkapkes, IC-bêden mei pasjinten, bewuolle yn meters slangen, beklaaid mei soerstofmaskers, en soarchpersoaniel it lichem ferpakt yn plestik en de holle omfieme mei keunststofkappen. En yn elts aktualiteiteprogramma wer in nije stjer oan it wittenskiplik firmamint dy’t in redenaasje fan in kollega, in dei earder yn itselde programma, ûnderút hellet. En sa kin ik noch wol efkes trochgean. Mar dat doch ik net. Want ik moat ophâlde te seuren. En dat doch ik wol! Daliks!

Want as der guon minsken de ein yn ’e bek hawwe, dan binne dat net allinne de koroanalijers mar ek de fersoargers dy’t dei en nacht foar harren oan it bodzjen binne. En de plysje kriget yn dit ferbân ek alle omtinken fan my. Want ik set wol gauris myn petsje ôf foar dy bewekkers fan ús feilichheid. It wurdt heech tiid dat we ús plysjeminsken op wearde skatte. Troch read riden? Fjirtich kilometer te hurd riden? Belje achter it stjoer? As jo fierderop oanholden wurde, dan leunt sy of hy noflik by jo troch it autorútsje en leit jo freonlik en meilibjend út wat der ferkeard gien is. Hoe oars is dat yn lannen dêr’t jo mei de hannen yn ’e loft kommandearre wurde om út de auto te kommen en sitte der al ien of mear kûgelgatten yn jo foarrút. Nee, de needgjalpen fan de boppeneamde beropsgroepen om mear en bettere beleanning fan harren wichtich wurk binne terjochte. En it jild dat dêrfoar op it matsje komme moat is, nei myn betinken, maklik te kreëarjen.

Ik haw in foarstel. It moat yn dizze tiid fan chips, chips en nochris chips dochs mooglik wêze om dêr dat ûneachlik ûnderdieltsje út ús digitale wrâld foar te brûken! Hoe simpel moat it wêze om ús hiele wegenet fol te lizzen mei dy dingen en yn alle auto’s standert ek in chipke yn te bouwen. Dêr is dan mei op te mjitten hoe faak en hoefolle oft oer de tastiene faasje hinne gien wurdt en de finansjele konsekwinsje dêrfan by de oertrêder troch de brievebus of oer de mail ôf te leverjen. Dêr’t ik wenje soe soks op de stikken rûnwei tusken de rotonden yn in healjier nei myn ynskatting al gau in pear ton oan boeten opleverje. En ús lân leit fol asfaltstripen! Kassa, en trochslûzje nei de beropsgroepen dy’t yn dizze tiden fan krisis it ferskil meitsje.

juny 12, 2021 20:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.