Senioaren Noard-Nederlân minst ree om nei fersoargingshûs te ferhúzjen

juny 21, 2021 08:45

Yn Fryslân, Grinslân en Drinte wol op it stuit de helte fan de 60-plussers leaver net nei in ferpleechhûs, fersoargingshûs of serviceflat ferhúzje. Senioaren út Noard-Nederlân binne dêrmei in minst ree om harren selsstannigens op te jaan. Under oare it risiko om in goarre te skypjen en mooglike besitebeheiningen soargje foar mear twivel. Dat en mear docht bliken út ûndersyk fan Stannah nei it imago fan fersoargingshuzen sûnt koroana. Dêr binne goed 800 Nederlânske 60-plussers by ûnderfrege.

Foto: pixabay.com

Yn Fryslân, Grinslân en Drinte tinkt sûnt koroana 14,9% fan de de senioaren negativer oer in ferhuzing nei in fersoargingshûs. Mei dêrtroch wol 49,4% fan de Noard-Nederlânske selsstannige senioaren leaver net ferhúzje. Under 60-plussers út it westen (45,3%), suden (42,9%) en easten (33%) fan it lân wurdt der minder faak sa oer tocht.

Koroana en opjaan privacy wichtige redenen foar twivel
It risiko om koroana te skypjen is foar 12,1% fan de Nederlânske senioaren in reden om net nei in fersoargingshûs ferhúzje te wollen. It ferbod of de beheining fan besite wurdt faak neamd as oanlieding om oer in ferhuzing te twiveljen (12,5%). Dêrneist jout goed in fearn fan de senioaren oan bang te wêzen om him of har (troch koroana) opsletten te fielen yn in fersoaringshûs, ferpleechhûs of serviceflat (27,5%).

Koroana is lykwols net de wichtichste reden foar it wifeljen. It gebrek oan privacy wurdt troch 60-plussers nammentlik it faakst as reden neamd om oer in ferhuzing nei in fersoargingshûs (37,9%) te twiveljen. En in protte senioaren binne bang dat se har yn in fersoaringshûs net thúsfiele sille (31,9%).

Mear ynformaasje oer it ûndersyk is hjir te lêzen.

Oer it ûndersyk
Stannah ûndersocht de ynfloed fan it koroanafirus op it sentimint ûnder senioaren oangeande ferhúzjen nei in ferpleechhûs, fersoargingshûs of serviceflat. Foar it ûndersyk waarden fia in merkûndersykplatfoarm 802 Nederlanners (400 manlju, 402 froulju) fan 60 jier en âlder ûnderfrege.

Oer Stannah
Stannah is in famyljebedriuw dat sûnt 1867 yn de liftyndustry aktyf is. Stannah set him yn foar de ûnôfhinklikens fan benammen âlderein. Dat docht it bedriuw mei tsjinsten dy’t op wenkomfort en selsstannich wenjen rjochte binne.

juny 21, 2021 08:45
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.