Sân op de tsien zzp’ers sjocht neat yn ferplichte pinsjoenregeling

juny 7, 2021 09:23

Hast trijefearn fan de zzp’ers sit net te wachtsjen op in ferplichte pinsjoenregeling, dy’t út namme fan GrienLinks, PvdA en SP op ’e ûnderhannelingstafel yn De Haach leit. Fan de zzp’ers dy’t dêrnei frege is hat 48% syn pinsjoen op it stuit noch net regele. Foaral zzp’ers yn ’e kulturele sektor (70%) bouwe noch neat foar de âlde dei op. Dat en mear docht bliken út ûndersyk fan Knab ûnder 2.500 Nederlânske zzp’ers.

Foto: pixabay.com

Yn ’e hoareka, persoanlike tsjinstferliening (beide 61%) en detailhannel (60%) hawwe relatyf in protte zzp’ers harren pinsjoen noch net regele. Yn de saaklike tsjinstferliening bouwe zzp’ers relatyf faak in pinsjoenfermogen op, fan harren is 40% dêr noch net mei begûn.

Ferskillen tusken starters en zzp’ers mei ûnderfining
Foaral starters binne net bot dwaande mei it opbouwen fan harren pinsjoenfermogen. Seis op ’e tsien zzp’ers dy’t koarter as twa jier ûndernimme, bouwe noch gjin kapitaal foar letter op. By zzp’ers dy’t al mear as fiif jier dwaande binne, is dat 43%.

Starters sizze foaral noch neat foar harren pinsjoen regele te hawwen mei’t se net folle ynkomsten hawwe, noch foar in part yn leantsjinst binne of om’t se der gewoan noch net oan takommen binne. Undernimmers mei ûnderfining jouwe faak as reden op dat se te min jild oerhâlde om it fuort te setten. Oare arguminten dy’t in protte neamd wurde, binne dat se pinsjoenoanbieders net fertrouwe of harsels te âld fine om it noch te regeljen.

Net folle animo foar ferplichte pinsjoen
In ferplichte pinsjoenregeling leit út namme fan GrienLinks, PvdA en SP op ’e ûnderhannelingstafel yn De Haach, mar 72% fan de zzp’ers sjocht dêr hielendal neat yn. “Ik bin just ûndernimmer wurden om dat soarte fan saken sels regelje te kinnen”, is it meast neamde argumint. Dêrnjonken binne in protte zzp’ers bang dat in regeling fan de oerheid te algemien is en dêrtroch net de foardielichste oplossing foar harren spesifike situaasje.

Mear ynformaasje oer it ûndersyk is te lêzen op bieb.knab.nl/ondernemen/zzper-wil-geen-verplicht-pensioen.

juny 7, 2021 09:23
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Frâns Kuipers juny 7, 17:02

    It docht bliken dat polityk Den Haag net safolle snapt fan de deistige soargen en it tinken fan minsken dy’t it mei de hannen fertsjinje moatte.

    Politisy bedoele it goed fansels, mar se ferjitte de zzp’ers te belûken by belied op dit mêd. Praters steane faak mei lege hannen as it op dwaan – hanneljen/wurkjen/bealgjen – oankomt.

    Frans

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.