Rjochter pakt Shell oan. No it Wetterskip?

juny 4, 2021 09:30

Skôging troch Nanne Hoekstra

Ofrûne woansdei waarden fjouwer nijsgjirrige stappen set om de desastreuze effekten fan de klimaatopwaarming te beheinen:

  • Oare kant oseaan ferfong it aktivistyske fûns Engine No1 twa tafersjochhâlders by ExxonMobil foar minsken dy’t in better klimaatbelied foarsteane.
  • By Chevron stimde in mearderheid fan de oandielhâlders foar in klimaatresolúsje fan de Nederlânske aktivistyske belizzersklub Follow This.
  • Yn De Haach kediisde de rjochter dat Shell syn broeikasgasútstjit folle rêder omleech bringe moat.
  • Yn Ljouwert stimde Provinsjale Steaten foar it Feangreideprogramma 2021-2030.

In dei earder wie it lêstneamde programma al oannommen troch it algemien bestjoer fan Wetterskip Fryslân. In wike earder krige Follow This omtrint in tredde fan de belizzers mei foar in klimaatresolúsje, wylst it Ynternasjonale Enerzjy Agintskip (IEA) ynienen taal útsloech dy’t noch net sa lang lyn allinnich troch miljeuklubs brûkt waard: hâld sa gau mooglik op mei oalje- en gaswinning en boarje perfoarst gjin nije fjilden mear oan!

Bedriuwen kinne har net foar soarchplicht wei wine

Wat de effekten krekt wêze sille, moatte we noch ôfwachtsje, mar de sniebal wurdt grutter. Opmerklik is de bedroefd lytse rol fan de oerheden. It klimaatakkoart fan Parys fan al wer mear as fiif jier lyn hat der net ta laat dat de oerheden de grutte miljeufergriemende ûndernimmingen fiks oanpakke. Dêr besykje oandielhâlders dy’t wat fierder sjogge as it ierdske slyk no mei te rêden. En de rjochter dus! Ta fernuvering fan in protte rjochtskundigen, dy’t útholden dat in ynternasjonaal ferdrach gjin streekrjochte útwurking op bedriuwen hat. De rjochter sjocht lykwols nei de ferdistruwearjende effekten fan de klimaatferoaring en de soarchplicht dy’t bedriuwen hawwe: krekt sa’t it in ûnrjochtmjittige died is om in lûk iepenstean te litten, mei Shell ús klimaat net yn ûnstjoer bringe. Shell wiist nei de oerheid, konsuminten en konkurrinten, mar neffens de rjochter is de oaljemaatskippij te grut en te machtich om him foar de ferantwurdlikheid wei te winen.

Oalje en gas bliuwe yn de boaiem wylst it fean ferdwynt

Shell moat de broeikasgasúttsjit yn de kommende tsien jier mei 45 % tebekkringe. De provinsje Fryslân wol de broeikasgasútstjit út de feangreide ferminderje. Dy is no 1,8 megaton yn it jier; yn 2030 moat dy mei 0,4 megaton ferlege wêze (ôfstimd op de lanlike reduksjedoelstelling). Dat is dus mar goed 20 %. Dêr soe de hjoeddeistige boaiemdelgong fan likernôch jierliks 1 sintimeter mei sa’n 0,2 sentimeter foar beheind wurde moatte. Mar de maatregels dy’t no oerienkommen binne, foarsjogge dêr noch lang net yn. Benammen net omdat dy nei lang redendielen tusken alle partijen ynearsten beheind wurde sille ta 28.000 fan de 89.000 bunder feangreide. Mar sels al soene de maatregels oeral tapast wurde, dan noch wurdt it oksidearjen fan it fean mar mei 20 % ôfremme. Sûnder yngripen sille de Fryske feangreiden om it jier 2100 hinne folslein ferdwûn wêze. Mar mei de hjoeddeistige doelstelling, as dy al helle wurdt, is de fertraging mar in pear desenniums en is it Fryske Feangreidegea dus oer in iuw likegoed poater. En is alle koalstof as broeikasgas ferflein. Wylst it IEA wol dat it grutste part fan de oalje en it gas yn de boaiem sitten bliuwt, binne we yn Fryslân noch hieltyd fan doel en ferstook al ús fean!

De moaie feangreiden, mar net foar de bernsbern. Eigen foto

Wêrom soene boeren hoedener behannele wurde moatte as de yndustry?

Oars as op it mêd fan klimaat, is der foar yndustry wol alderhande spesifike miljeuwetjouwing. Mei sin neam ik as foarbyld de Wet bodembescherming. As bygelyks Shell earne te folle mei benzine griemd hat, moat der in boaiemsanearring útfierd wurde. It let dan neat oft it terrein fan Shell sels is, want it eigendom jildt allinnich foar it oerflak, de boaiem is fan ús allegearre. In stof jildt as fersmoarging as dy de funksjonele eigenskippen fan de boaiem te bot oantaast. Foar feanboaiems is soerstof winliken sa’n fersmoarging. Wy binne net wend om dêr sa nei te sjen, om’t soerstof foar it libben fan wêzentlik belang is. Mar krekt dêrom. Want troch soerstof yn sokke boaiems ta te litten, krije baktearjes de kâns om it fean – dat út ûnfertarde planteresten bestiet – op te fretten. Koalstof wurdt sadwaande koaldiokside, dêrmei ferdwynt de boaiem alhiel. Soks liket my de ultime oantaasting fan de funksjonele eigenskippen fan de boaiem. Wêrom soene agraryske bedriuwen hoedener behannele wurde moatte as de yndustriële bedriuwen? En it lân mei fan de boeren wêze, de boaiem dêrûnder is fan ús allegearre. Dat, neffens my moatte de feanboaiems simpelwei sanearre wurde. Sanearring kin yn prinsipe ienfâldich troch it grûnwetter oan it meanfjild ta op te lûken omdat dêrmei de ‘fersmoargjende’ soerstof foar it grutste part út de boaiem ferdreaun wurdt. Sa’t it maatskiplik yngripen de oaljeboeren raar oer it mad komt, sil soks de feangreideboeren ek efkes sear dwaan. Mar it is net oars. As we op deselde foet trochgeane, sille troch de boaiemdelgong grutte hoeken lân net mear te ferdigenjen wêze tsjin de see, dy’t just troch de broeikasgasútstjit hieltyd heger opkomt. Spitich dat de oerheden noch net genôch troch doare te pakken. Mar we witte no dat de gong nei de rjochter fertuten dwaan kin. En dit stikje kin faaks in bytsje bydrage oan de lêstfoarlizzing by in rjochtsaak tsjin it Wetterskip.

juny 4, 2021 09:30
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.