Rjochter ferbiedt útlevering Katalaanske presidint Puigdemont oan Spanje

juny 3, 2021 14:23

België mei Carles Puidemont, de Katalaanske presidint yn ballingskip, net útleverje oan justysje yn Spanje. Dat hat it Gerjochtshof fan de Europeeske Uny hjoed besletten. It Europeesk Parlemint hat de ûnskeinberens fan Puigdemont earder dit jier opheft. Dêrtroch soe de útlevering mooglik wurde. De rjochters oardielen lykwols dat de parlemintêre ûnskeinberens foarearst bestean bliuwe moat.

Itselde jildt foar de Katalaanske parlemintsleden Toni Comin en Clara Ponsati. Alle trije wurde hja yn Spanje fertocht fan reboeljemakkerij fanwegen harren rol yn de folksrieplachting oer ûnôfhinklikens yn 2017.

De útspraak is net it lêste wurd: de útslach is foarriedich. It Europeesk Parlemint hat fjirtjin dagen de tiid om op de útslach te reagearjen. Dêrnei wurdt in definitive útspraak dien.

juny 3, 2021 14:23
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Anna Dalstra maaie 11, 12:40

    Noegje dizze Carles Puidemont út yn Fryslân, foar bygelyks in besite oan de Fryske Akademy, en lit him dêr ûnder dúke , soks liket my de baes.!

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.