Resept foar Fryske tsiisslaad
Resint ferskynd
Fryske tsiisslaad (foargesetsje).
Yngrediïnten:
– in Frysk tsyske
– 2 apels
– 100 gr. ham
– 4 augurken
– 3 ytl. mayonêze
– 3 tl. biezelok
– 3 tl. hakte piterseelje
– 3 mespuntsjes paprikapoeier
– 1 tl. moster
– mespuntsje sâlt
It tsyske útholje, de tsiis yn lytse blokjes snije en yn in kûm dwaan. De apels skile en yn tinne repen snije, lykas de ham en de augurken. Dêrnei alles by de tsiis yn de kûm dwaan. It gehiel mei de mayonêze minge en op smaak bringe mei de krûden. It slaad goed trochinoar minge en weromdwaan yn it útholle tsyske. Lit it no noch in oerke stean, sadat de smaken goed opinoar ynwurkje. Yt der roastere bôle mei bûter by.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje