Resept foar fierljeppersiis

juny 20, 2021 16:00

Parfait, ek wol stilsteand iis neamd, is in lúkse iissoart dy’t sûnder masine makke wurdt. Parfait is in mingsel fan lucht, aaidjerre, rjemme en sûker en kin yn ferskate smaken klearmakke wurde. Soms wurdt alkohol tafoege, sa ek yn dizze Fryske fariant.

Foto: Wikipedia/pinguino – CC BY 2.0

Yngrediïnten:
– 5 aaidjerren
– 0,5 l. slachrjemme
– 100 gr. poeiersûker
– 4 ytl. advokaat
– 4 repen bittere sûkelade

De aaidjerren mei de helte fan de poeiersûker en de slachrjemme mei de oare helte fan de poeiersûker apart stiifslaan. Dêrnei de slachrjemme en de djerren byinoar dwaan en mei de advokaat goed trochinoar minge. Alles yn in kûm dwaan en tolve oeren goed ynfrieze. De sûkeladerepen yn in pantsje rane litte, bytsje wetter derby dwaan en by it optsjinjen oer it iisgerjocht jitte. Stek as garnearring in sateestokje mei in bitterkoekje (of ynmakke kers) yn it iis.

Hawwe jo ek in tradisjoneel Frysk resept, of miskien wol in Frysk resept mei in eksoatyske twist, stjoer dat dan nei de redaksje fan It Nijs: ynfo@itnijs.frl.

juny 20, 2021 16:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.