Rekôrsifers foar ‘Het Klokhuis’

juny 8, 2021 09:36

In mylpeal foar Het Klokhuis. It YouTube-kanaal fan it populêre NTR-jongereinprogramma hat ôfrûne snein in rekôrsifer fan 200.000 abonnees helle. Op it kanaal wurdt alle dagen om 15.00 oere in nije fideo pleatst. Het Klokhuis is suksesfol yn it berikken fan jongerein, want sûnt de start fan it YouTube-kanaal is de ynhâld al mear as 365 miljoen kear besjoen.

Foto: NTR

Om de Klokhuis-abonnees te betankjen, hawwe de akteurs fan Het Klokhuis in spesjale fideo opnommen.

It programma krige yn 2018 al de Sulveren YouTube Playbutton fanwege it beheljen fan de hûnderttûzen abonnees op YouTube. Alle moannen wurdt yn trochsneed 10,5 miljoen kear nei it YouTube-kanaal fan Het Klokhuis sjoen en wurde hast ien miljoen unike sjoggers berikt.

Hoe wurdt men in seemearmin? Hoe yt men in tompoes? It antwurd op sokke fragen kriget men yn de fideo’s op it YouTube-kanaal fan Het Klokhuis. De populêre sketskes binne der ek te finen, lykas ‘Sportrolstoel 3000′ fan Klokko en ‘De avocado moet nu gegeten worden’ fan Ober. De fideo’s komme sân dagen yn ’e wike om 15.00 oere online op youtube.com/hetklokhuis.

juny 8, 2021 09:36
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.